Taakstraf foar keatsers

29 aug 2007 - 09:11

De acht haadklassekeatsers dy't op 7 july net fierder keatse woene op it wiete fjild fan Boalsert, meie har boete fan 250 euro weromfertsjinje mei aktiviteiten foar keatsbûn KNKB.

Fierder komme der takom keatsseizoen dúdlike regels foar it spyljen op in wiet fjild. Dat is it beslút fan it haadbestjoer fan it keatsbûn, nei in petear mei de acht keatsers. Yn earste ynstansje lei de strafkommisje noch in skorsing fan 2 wedstriden op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)