Dakleaze-opfang oan Nieuweweg

It eardere Gymnasion oan de Nieuweweg yn Ljouwert wurdt in opfang foar dakleazen. Der kinne 40 minsken ûnderdak brocht wurde wurde yn it gebou. De gemeente Ljouwert hat it gebou oanwiisd foar de opfang.
Der is no plak foar 80 dakleazen yn De Terp. Dat gebou foldocht net mear. It tal plakken wurdt werombrocht omdat Snits ek in opfang iepene hat. Drachten en It Hearrenfean krije ek in sosjaal pension.