Verbeek wiist foarstel ôf

Skiedsrjochter Jol stjoert trainer Verbeek fan it fjild (foto: Martin de Jong)
Gertjan Verbeek giet net akkoart mei it skikkingsfoarstel fan de KNVB foar trije wedstriden skorsing wêrfan ien ûnder betingst. De Hearrenfean trainer krige it foarstel om't er snein by in wedstriid nei de tribune stjoerd waard.
By in skorsing meie trainers ûnder in wedstriid hielendal gjin kontakt hawwe mei it team. Wannear't Verbeek him foar de tuchtkommisje ferantwurdzje moat, is noch ûnbekend.