Kontrôle op fee oan wetterkant

28 aug 2007 - 15:52

It Wetterskip Fryslân kontrolearret meikoarten oft boeren fee rinne litte op de boezemkaden yn 'e provinsje. Oan 'e kant fan it wetter meie inkeld skiep rinne, omdat oar fee de diken te folle fernielt.

Op 5 septimber besjocht it Wetterskip oft boeren harren oan 'e regel hâlde. Ek wurdt besjoen oft der stekken oanbrocht binne dy't foarkomme moatte dat de skiep it wetter yn rinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)