Lichem Rosier nei Fleanbasis

28 aug 2007 - 15:36

It lichem fan de 30-jierrige militêr Martijn Rendert Rosier út Sint Anne komt net tiisdei, mar tongersdei oan yn Nederlân. It fleantúch fljocht op de Fleanbasis Ljouwert. Oars wurde omkommen militêren faak nei Eindhoven brocht.

Rosier kaam snein om it libben by in oanslach yn Uruzgan. Hy soe in bermbom ûnskealik meitsje. De Fries wurdt oare wike tiisdei mei militêre eare kremeard yn it Krematoarium Goutum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)