Hamburger nei heale finale WK

28 aug 2007 - 13:53

Sjoerd Hamburger sit yn 'e heale finale fan 'e wrâldkampioenskippen roeien. De skiffeur, oarspronklik fan Aldeberkeap, einige yn 'e kwartfinale as twadde, achter de Dútske âld-wrâlkampioen Hacker. De bêste trije gean nei de heale einstriid.

Hamburger roeide op de Olympyske baan yn Oberschleissheim yn München in tiid fan 7.27,85. Hacker wie goed 7 sekonden rapper. De heale finales binne tongersdei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)