Verbeek twa wedstriden skorst

28 aug 2007 - 12:26

Trener Verbeek fan SC Hearrenfean hat fan 'e oanklager betelle fuotbal in skikkingsfoarstel krigen, wêryn't stiet dat er twa wedstriden skorst wurdt. As Verbeek dit akseptearret moat er twa wedstriden oan de kant bliuwe. Hy mei dan net yn de klaaikeamer en spilerstunnel komme.

Verbeek waard snein by de wedstriid tsjin Ajax nei de tribune stjoerd, omdat er de fjirde offisjal in triuw joech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)