Keatsbûn praat tiisdei fierder

© Omrop Fryslân
It haadbestjoer fan it keatsbûn praat tiisdei fierder oer de kwestje mei de acht haadklassekeatsers dy't op 7 july yn Boalsert net fierder keatse woene. Se mochten it wiete fjild net op mei fuotbalskuon.
De keatsers hawwe in skorsing en in boete krigen. Moandei praten beide partijen oer in kompromis. Nei alle gedachten wurdt de boete wol betelle, mar de rest fan de straf is ôfhinklik fan it petear fan it haadbestjoer.