Jong Hearrenfean gelyk

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn yn Rotterdam mei 0-0 gelykspile tsjin Sparta.
It wie wat in teloarstellende wedstryd foar de Feansters; de kampioen fan foarich jier. De 1e helte gie gelyk op mei kânsen foar beide ploegen. Yn de twadde helte wie Hearrenfean sterker. Foaral yn it lêste heal oere hie Hearrenfean in oantal aardige kânsen. Sa skeat Geert Arend Roorda bygelyks noch tsjin de peal.