Van Hall: 500 nije studinten

27 aug 2007 - 17:31

Sa'n 520 nije studinten begjinne dit jier mei in stúdzje oan de hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert. Dat binne der like folle as foarich jier. De meast populêre oplieding is Diermanagement.

Dizze wike is de yntroduksjewike, wêrby de studinten mei-inoar yn de kunde komme. Se sille tal fan putsjes dwaan, wêrûnder it tradysjonele fiskjen nei fytsen yn de grêften yn de binnenstêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)