Learplicht oant 18 jier

Bern moatte langer ferplicht nei skoalle
Mei yngong fan dit skoaljier is de learplicht ferlingd fan 17 nei 18 jier. De nije maatregel hâldt in soad feroarings yn foar Fryske skoallen. Se moatte it fersom fan learlingen better byhâlde en learplichtamtners krije in der soad wurk by.
Learlingen moatte fan no ôf ek in saneamde startkwalifikaasje helje. Dat is in in mbo-, havo- of vwo-diploma. Learlingen dy't net om lyk wolle, riskeare in taakstraf of boete.