Plysje freget help publyk

27 aug 2007 - 12:51

De plysje ropt de help fan it publyk yn om fêst te stellen wa't de man is dy't ferdronken is yn de Prinsetún yn Ljouwert. It lichem fan de man waard sneintemoarn fûn troch in foarbygonger.

De plysje hat sels noch net útfûn om wa't it giet en hat dêrom in foto fan de man op ynternet set. Ek is noch ûndúdlik hoe't de man yn it wetter rekke is. Der binne gjin spoaren fan geweld op syn lichem fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)