VVD: dúdlikens oer swalkers

27 aug 2007 - 10:47

De VVD yn Ljouwert wol dúdlikens oer de sifers fan it tal dakleazen yn Ljouwert. It Leger des Heils melde okkerdeis dat yn de dei-opfang oan de Tunen mar de helte fan it tal minsken opfongen wurdt as trije jier ferlyn.

SMO Fryslân hat oare sifers: it tal minsken dat yn de opfang oernachtet rint werom. Mar fan de dei-opfang wurdt mear gebrûkmakke en de wachtlisten fan minsken dy't help nedich ha, wurde langer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)