'Beheine hierprizen gjin doel'
It beheinen fan de prizen foar hierhuzen hat gjin doel as it kabinet de gemeentlike lêsten net oan bannen leit. Dat skriuwt direkteur Hagenaars fan 'Wonen Noordwest-Friesland' yn syn jierferslach.
It kabinet hat bepaald dat de hieren net mear ferhege wurde meie as de ynflaasje. Mar oare kosten lykas wetterskipslêsten, ôffalstoffeheffing en ûnreplik guod-belesting gean wol omheech, seit Hagenaars.