Jild foar doarpshûs Wurdum

26 aug 2007 - 12:34

Doarpshûs De Golle yn Wurdum krijt 7500 euro fan it Oranjefûns. Mei it jild kin in multyfunksjonele foartún by it doarpshûs oanlein wurde. Der moatte jeu-de-boulesbanen komme, in boartersplak foar pjutten, in sânbak en tafels en stuollen foar bûtendoar.

De oanlis fan de tún is it slotstik fan de ferbouwing fan it doarpshûs. It Oranjefûns stipet projekten dy't de belutsenens fan minsken by inoar fergruttet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)