Direksje wol mei Alves prate

Alves wol mear fertsjinje
Hearrenfean-direkteur Yme Kuiper wol moandei prate mei syn spits Afonso Alves. Dy kaam sneon net op de trening en spile snein ek net mei tsjin Ajax. Kuiper fynt dat Alves syn gedrach net troch de bûgel kin.
Earder dizze moanne kaam de oanfaller fierstente let werom út Brazilië en hy miste dêrtroch in grut part fan de tariedings op it nije seizoen. Op syn eigen website seit Alves dat de direksje gjin respekt foar him hat.