Deade man fûn yn Prinsetún

26 aug 2007 - 12:11

De plysje hat sneintemoarn yn it wetter fan de Prinsetún yn Ljouwert it stoflik omskot fan in noch ûnbekende man fûn. In foarbygonger ûntduts it lichem sneintemoarn om healwei sânen en skeakele de helptsjinsten yn.

Dûkers fan de brânwacht ha de man út it wetter helle. It is noch net bekend om wa't it giet en hoe't de man om it libben kaam is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)