Part materiaal sirkus weromfûn

26 aug 2007 - 10:40

De plysje hat freedtejûn in part fan it materiaal weromfûn, dat twa wike lyn stellen waard fan it teatersirkus Drome út Grins. It sirkus hie it materiaal op in trailer delset op it parkearterrein fan de 'Stichting Kinderopvang Leeuwarden' yn Goutum. It guod waard mei trailer en al stellen.

Mei wat no werom fûn is, kin it sirkus wer foarstellings jaan. Der misse noch wol saken, lykas de lûdsynstallaasje en de trailer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)