Undersyk nei kultuer provinsje

25 aug 2007 - 17:01

Der moat in djipgeand ûndersyk komme nei de organisaasjekultuer by de provinsje. Dat stiet yn in geheim rapport fan de Noardlike Rekkenkeamer, dat Omrop Fryslân yn hannen krigen hat.

Troch de gong fan saken by de tydlike húsfesting fan de provinsje stapten ein maaie trije deputearren op. By de ferhûzing wiene grutte flaters makke: krusiale ynformaasje waard bewust achterhâlden en Europeeske regels negeard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)