Helmholt opnij Ned. kampioen

Fierljepper Bart_Helmholt fan Hurdegaryp is sneon Nederlânsk kampioen fierljeppen wurden by it NK yn Vlist. Hy wûn mei in sprong fan 20.17 meter foar Jaco_de_Groot (19.27) en Hannes_Scherjon (19.11).
By de jonges waard Alwin_Vonk fan Burgum kampioen mei 18.38 meter. Sjoerd_Hobma fan Easthim waard twadde by de junioaren mei 17.84 meter. Anna_Jet_Leyenaar fan Snits waard kampioen by de froulju mei 15.16 meter.