Beleaning foar tip fernielings

25 aug 2007 - 12:13
  • fernielings by de etalaazje fan Passenheim yn Wolvegea

Passenheim Modestad yn Wolvegea hat tûzen euro beskikber steld foar de tip dy't liedt ta dejingen dy't yn de nacht nei sneon trije etalaazjeruten ynsmiten hawwe. De winkel is ferboud en wie yn maart krekt iepengien.

Fierder waarden yn Wolvegea by twa auto's de ruten fernield. De auto's stiene parkeard yn de Verdistrjitte en de Hortensiastrjitte. By de fernielings wiene stiennen brûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)