Hollanners komme nei opera's

© Omrop Fryslân
De komyske opera's yn de Rottige Meenthe fan de stifting Intermezzo lûke foaral minsken út de Rânestêd. Se komme foar in kombinaasje fan muzyk, in natuerekskurzje en lekker ite en drinke.
Intermezzo organisearret dit wykein foar de sande kear in opera yn it sompegebiet. Dit kear wurdt de Opera Falstaff fan Antonio Salieri opfierd. Alle foarstellings binne útferkocht.