Keunstwurk fuort: posityf

© Omrop Fryslân
Der wurdt oer it algemien posityf reageard op it beslút fan it provinsjebestjoer om it keunstwurk yn de Oosterstrjitte yn Ljouwert te ferwiderjen. De minsken hawwe har nocht fan de wite muorre dy't fol kalke wurdt mei graffityteksten.
Doel fan de Dútse keunstner Katharina Grosse wie om it Provinsjehûs no al út te flakken út it strjittebyld, omdat der ynkoarten in nij provinsjehûs boud wurdt.