28e Waterpalet Grou fan start
Yn Grou is freed foar de 28e kear de eksposysje Waterpalet iepene.
Yn hotel Oostergoo hingje oant twa septimber ta 150 skilderijen en tekeningen fan amateurkeunstners. En dat is neffens de organisaasje fan Waterpalet unyk, want sa'n grut poadium hawwe de amateurskilders nearne yn Nederlân.