Afonso Alves: ik bliuw hjir

24 aug 2007 - 16:39

It giet de goeie kant op mei Afonso Alves. De Braziliaanske spits fan Hearrenfean is hast wer hielendal fit. De kâns is grut dat er snein tsjin Ajax op de bank sit.

Alves is tige wiis mei it oanlûken fan it Braziliaanske talint Paulo Henrique, dêr't er sels oan meiwurke hat. Sels is der net fan doel om Hearrenfean te ferlitten. "Ik haw in kontrakt. Ik wol mei Hearrenfean foarút."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)