Ljouwert: 122 nasjonaliteiten

24 aug 2007 - 14:10

De gemeente Ljouwert telt op dit stuit goed 92.000 ynwenners mei 122 ferskillende nasjonaliteiten. Dat hat ûndersyk yn de boargerlike stân fan Ljouwert útwiisd. Mei dat oantal leit Ljouwert mar in lytse tritich nasjonaliteiten achter op de grutte metropoal New York yn Amearika.

Ynternasjonaal koprinner is Amsterdam mei 177 nasjonaliteiten. De ôfrûne wike waarden de sifers fan de grutte ynternasjonale stêden bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)