Fûgelfreonlike lampe

24 aug 2007 - 11:07

De NAM en Philips hawwe in fûgel- freonlike lampe foar boarplatfoarms ûntwikkele. Elk jier fleane 60 miljoen fûgels de Noardsee oer en de measten komme probleemleas yn ien kear teplak.

Soms reitsje fûgels by bysûndere waarsomstannichheden fan slach troch de lampen fan no. Se fleane dan doelleas om of bliuwe op de platfoarms sitten. Se reitsje dan sa ferswakke dat se de oare kant net mear helje. De nije lampe liedt de fûgels minder ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)