Rêstige simmer op Frysk wetter

24 aug 2007 - 10:52
  • Kontrôle op it wetter

De simmer is op it wetter yn Fryslân neffens de plysje hiel rêstich ferrûn. Dat soe komme troch it minne waar. Der binne minder warskôgings en boetes útdield as foarich jier foar bygelyks te hurd farren en it farren mei tefolle drank op.

De plysje kontrolearre acht wike yn in grut part fan de provinsje. Opfallend wie it grut tal hurdfarders by Grou: 58. De ferwachte oerlêst troch diskoboaten bleau út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)