Mooglik kamera's yn Drachten

© Omrop Fryslân
Ynwenners en besikers fan Drachten kinne yn de takomst konfrontearre wurde mei kameratafersjoch. De gemeenterie kin in feroardening sa wizigje dat de komst fan ferpleatsbere kamera's mooglik wurdt.
Neffens boargemaster Bert Middel is dizze foarm fan tafersjoch hurd nedich yn it útgeansgebied fan Drachten, mar ek it sintrum en it bustasjon binne opsje. De ried moat him der noch oer bûge.