Programma oer Amelanner dobbe

© Omrop Fryslân
De KRO/RKK-radio stjoert snein in programma út oer de Willibrordusdobbe op it Amelân. Yn it programma lit de omrop portretten hearre fan it heden en ferline fan katolike lokaasjes. Yn it wetter fan de Willibrordusdobbe doopte de mûnts Willibrord yn de sânde ieuw syn learlingen.
Minsken dy't by de dobbe komme, kinne op har GSM in stikje fan it program hearre. By de dobbe stiet in buordjse mei in tillefoannûmer.