Ekstra senioarewenten yn Balk

© Omrop Fryslân
Yn Balk komme fyftich nije senioarewenten. Dat hawwe de gemeente Gaasterlân-Sleat en wenningboukorporaasje Súdwest-Fryslân mei-inoar ôfpraat. Yn 'e regio wenje yn ferhâlding in soad âldere minsken.
De nije wenten hearre by it projekt Bouwe yn Balk. Op 'e âlde golfbaan, it fabryksterrein Volharding en by de Griene Wâl komme mei-inoar hûndert nije wenten yn it bouprojekt.