Nij natuergebietsje oan Alddyk

23 aug 2007 - 17:43

Oan 'e Alddyk by Sint Jabik komt in nije iepenbier natuergebietsje. It giet om in kampke lân by bedriuw Meijer Plaatbewurking. Fanwege útwreiding moast der fan 'e brânwacht in blusfiver komme. It bedriuw makket dêr in parkje omhinne fan twa bunder grut.

Personielsleden, mar ek omwenners meie dêr komme. It bedriuw is net benaud foar nuver folk op it terrein, seit meiwurker Geert Bloemhof.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)