Botsing yn tunnel A7

© Omrop Fryslân
Yn de Prinses Margriettunnel tusken Snits en De Jouwer binne tongersdei twa auto's op elkoar botst. Der rekke gjinien ferwûne, mar der ûntstie wol in lange file út beide rjochtings. Foar it ferkearsplein De Jouwer stiet it al fêst en út de stêd Snits wei komme automobilisten ek fuortendaliks yn de file te stean.
De auto's wurde fuortsleept. It duorret op syn minst in oere foardat de file oplost is.