Mooglik aksjes tsjin Talant

23 aug 2007 - 15:00

Ferskate krityske âlden wolle yn de takomst mienskiplik aksje ûndernimme tsjin soarchynstelling Talant. Dat is besletten op in ûnderlinge gearkomste. De njoggentjin âlden fine dat der by de fersoarging fan har handikapte bern tefolle misgiet. Neffens inisjatyfnimmer Hofma fan Wolvegea wiene de petearen tige emosjoniel.

Takom moanne hâldt de groep opnij in gearkomste. Dan wurdt fierder praat oer mooglike aksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)