Soad opbrutsen diken Bilgaard

It winkelsintrum Bilgaard baarnde in jier ferlyn ôf
Meiwurkers fan boubedriuw Geveke kamen tongersdei yn 'e Ljouwerter wyk Bilgaard foar in ferrassing te stean. It bedriuw bout in multifunksjoneel sintrum, mar omdat de gemeente dwaande is mei fernijing fan 'e riolearing lizze de measte tagongsdiken derút. Nei oerlis mei de gemeente is in alternative rûte fûn .
Freed wurdt de earste peal slein foar de nijbou fan it winkelsintrum dat in jier dêrfoar alhiel ôfbaarnd is.