Mboua twifelgefal by Cambuur

23 aug 2007 - 13:27

It is noch ûnwis oft Cambuurtrainer Jurrie Koolhof freed beskikke kin oer Marc Mboua. De jeugdynternasjonal fan Kameroen spile woansdei in útwedstriid mei syn lân tsjin it altyd lestige Botswana(0-0). Hy is tongersdeitenacht let werom kommen yn Nederlân.

Freed besjocht Koolhof oft Mboua fit genôch is om te spyljen tsjin Fortuna Sittard. Op de blessearren Koen Brack en Dennis van der Ree nei is de seleksje hielendal fit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)