Rustfrij stiel stellen

© Omrop Fryslân
Yn Follegea is in frachtweinsjauffeur út Didam oanhâlden op fertinking fan stellerij fan rustfrij stiel. In tsjûge hie sjoen dat de fertochte by in bedriuw oan de Hichtumerwei yn Boalsert it stiel op syn frachtwein lade. Hy warskôge de plysje. Nei in koarte syktocht koe de fertochte oppakt wurde.
De frachtwein en it stiel is yn beslach naam. De sjauffeur is oerbrocht nei it plysjeburo.