Foppe wint mei Jong Oranje
It Nederlânsk alvetal ûnder 21 jier hat woansdei de útwedstryd tsjin Jong Masedoanië mei 1-0 wûn. It team fan coach Foppe de Haan set dêrmei in goeie stap op wei nei kwalifikaasje foar it Europeesk kampioenskip. De goal fan Nederlân waard makke troch Royston Drenthe út in foarset fan Hearrenfean spiler Roy Beerens.
Jong Oranje pakte yn juny foar de twadde kear op rige de Europeeske titel troch winst op Servië.