Bart Helmholt ljept wer rekord

Fierljepper Bart Helmholt fan Hurdegaryp hat opnij in Nederlânsk rekord sprong. By de lêste wedstriid fan it seizoen yn Gryptsjerk kaam hy ta in ôfstân fan 20.76 meter. Dat is 16 sintimeter fierder as it âlde rekord dat ek al op syn namme stie.
Helmholt wint ek it seizoensklassemint mei in nij rekord. Hy is de earste ljepper ea dy't ferdield oer alle wedstriden yn in jier in gemiddelde ôfstân springt fan mear as 19 meter.