Besmette kij út Noard-Brabân

22 aug 2007 - 19:09
  • It gebou fan Firma Schaap yn Dronryp

De trije kij yn Wytmarsum dêr't woansdei blautong by oantroffen is, wiene ôfkomstich fan twa buorkerijen yn Noard-Brabân. De bisten wiene foar it transport nei Fryslân ûndersocht. Dy útslach wiisde net op besmetting. Yn Wytmarsum stiene se yn karantêne.

De bisten stiene yn Wytmarsum, op in stâl fan fee-eksporteur Schaap. Se soene nei Ruslân ta. De trije kij binne ôfmakke. Blautong is besmetlik foar ûnder mear kij en skiep.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)