Blautong yn Wytmarsum

By in bedriuw yn Wytmarsum is de besmetlike feesykte blautong konstateard. It giet om trije besmette kij fan eksporteur Schaap, op in stâl yn Wytmarsum. Minister Verburg hat foar hiel Nederlân ferfiersbeheiningen oplein foar fee.
It firus is sûnt july wer yn Nederlân, mar liket him no hurder te fersprieden as ferline jier. It tal meldingen fan it firus is no 336. Oerisel wie oant no ta de noardlikste besmettingshaard.