Partoer Joostema wint PC

22 aug 2007 - 17:55
  • It winnende partoer mei keninginne Zeinstra yn it midden (Foto's Aise van Beets )
  • De finalisten: de partoeren Joostema (links) en Heida

It partoer fan Maaike Joostema, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra hat woansdei de frouljus PC wûn. Se wiene mei 5-1 en 6-4 te sterk foar Marie Heida, Debora Oosterman en Maaike Wind. Zeinstra waard útroppen ta keninginne. De finale wie frij iensidich, it partoer Heida koe gjin fûst meitsje. It partoer Joostema wûn dit seizoen al de measte wedstriden. Op de PC wiene se te sterk foar de partoeren Dijkstra en De Jong, twa oare favoriten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)