Brúnfisk oanspield

22 aug 2007 - 13:49

By peal 13 op it Noardseestrân fan Amelân is woansdei in jonge brúnfisk oanspield. It is in wyfke fan in jier âld. It bist is yn in matige kondysje: se is meager en se hat in ferwûning by de sturt.

It natuersintrum op Amelân hat nei de melding foar opfang soarge. Dêrnei is de brúnfisk op de boat nei Holwert set. It bist wurdt oerbrocht nei it dolfinarium yn Harderwyk om op te knappen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)