Plannen tsjin wetteroerlêst

© Omrop Fryslân
De Fryske gemeenten wurkje hurd oan plannen om reinwetteroerlêst tsjin te gean. Ut lanlik ûndersyk hat bliken dien dat hast alle gemeenten te krijen ha mei sokke oerlêst. Dat ûndersyk is dien troch Rioned, in organisaasje foar rioelering.
De Fryske gemeenten wurkje mei it wetterskip oan plannen om de oerlêst tsjin te gean. De lêste jierren falt der hyltyd mear wetter yn koarte tiid, de rioelen kinne dat net ferwurkje.