Ynbraak mei wetterskea

Yn Boalsert is tiisdeinacht ynbrutsen yn it tsjerkegebou fan Het Keerpunt. Fandalen kamen fia in brântrap binnen. Dêr stellen sy lûdsapparatuer. Doe't se klear wiene, ha se op de boppeferdjipping en de begeane grûn de brânkraan iependraaid. Der is foar hast 50.000 euro oan skea.
De tsjerke tinkt dat der ynbrutsen is fanwege in djoer mengpaneel. Snein soe it gebou foar it earst iepen, mar dat slagget no net.