Deadlik ûngelok by Winsum

In 76-jierrige autobestjoerder út Frjentsjer is woansdeitemoarn om it libben kaam by in oanriding op de Froonackerdyk by Winsum. De man kaam fan Baaium en joech by de krusing mei de Froonackerdyk gjin foarrang oan in frachtwein dy't fan links kaam.
De frachtwein skepte de auto oan de sydkant en sleepte him inkelde tsientallen meters mei. In moanne lyn gebeurde in soartgelyk ûngelok op in krúspunt fierderop by Wjelsryp.