Rêdingsboaten yn aksje

22 aug 2007 - 10:25

De rêdingsboaten fan Skiermûntseach hawwe woansdeitemoarn betiid twa kear yn aksje west. Earst moast yn de moarntiid in Frânsk syljacht loslutsen wurde. De skipper wie fêstrûn nei't er it roer de ferkearde kant útset hie. Hy wie skrokken fan passearende skippen.

Om sân oere moast in garnalekotter op sleeptou nommen wurde nei Lauwerseach. De kotter hie motorproblemen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)