Frouljus PC: Hylkema favoryt

Afke Hylkema fan Akkrum kin woansdei op de Frouljus PC yn Weidum foar de tsiende kear keninginne wurde. Fan Hylkema is bekend dat se har bêste spul altiten bewarret foar de Frouljus PC. Ek dit jier is se op 'e tiid yn foarm, want it ôfrûne wykein wûn se it keatsen yn Goaiïngea en Akkrum.
De gefaarlikste konkurrint foar Hylkema-en-dy is it partoer fan Maaike Joostema, want dat pakte dit seizoen de measte oerwinnings.