Minne generale frouljusteam

© Omrop Fryslân
It frouljusteam fan sportklub Hearrenfean hat tiisdei de lêste oefenwedstriid foar it begjin fan de kompetysje ferlern. Yn Burgum waard mei 5-1 ferlern fan Burgum B1.
By rêst wie de stân al 3-0. Cynthia Beekhuis makke it iennichste doelpunt foar de Hearrenfean-froulju. Nije wike woansdei begjint Hearrenfean mei in útwedstriid tsjin FC Twente.