Brede skoallen yn Ljouwert
Yn 2015 moatte alle wiken yn Ljouwert in brede skoalle ha. In brede skoalle is in gearwurkingsferbân tusken pjutteboartersplak, berneopfang en basisskoalle.
Troch de gearwurking kin yn in brede skoalle mear dien wurde om problemen by bern foar te kommen, en kin der ekstra soarch bean wurde oan bern dy't dat nedich ha. De gemeente tinkt per jier 300 tûzen euro ekstra nedich te hawwen foar de brede skoallen.